Dûnsje mei Tomke | Bibleteek De Gordyk

Dinsdag 2 september 2025, van 11:00 tot 11:30 | Bibliotheek Gorredijk

Kosten: gratis

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne de 'Lês-mar-foar-wiken!' Yn dizze perioade wurde bern oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, yn de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der better as foarlêze?! En it is ek in geweldiche manier om de Fryske taal te befoarderjen. It tema fan dit jier is: aventoer! In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat!

Danswil! 

Dûnsje mei Tomke. Harkje lekker nei in ferhaal (út it temaboekje 'Op aventoer') en dûnsje dan dit ferhaal! By Willy van Danswil kinne bern wer lekker huppelje, spinne en krûpe. Foar pjutten, beukers, harren âlden en pakes en beppes.

Wêr en wannear

Lokaasje: Bibleteek De Gordyk
Wannear: tiisdei 2 septimber
Tiid: 11.00-11.30 oere

Oanmelde

Dizze aktiviteit is fergees, ek as jo gjin lid binne fan de bibleteek.
Oanmelde is wol nedich. Dit kin fan 1 augustus ôf oan de baly fan Bibleteek De Gordyk, telefoanysk op 0513-461548 of stjoer in mailtsje nei bibliotheekgorredijk@bzof.nl.

Sjoch foar mear ynformaasje op: lesmarfoar.frl